Sportcast

Skûtsje Kafee: 2019

Informações:

Sinopsis

De jûn foar't it skûtsjesilen losbarst sjogge we foarút mei skippers en bemanningsleden út de SKS en IFKS yn it Skûtsje Kafee. Te gast binne ûnder oaren de kampioenen fan 2018: Douwe Visser fan Grou en Geale Tadema fan Eastermar. Beide ha deselde adviseur oan board: Tammo Oosterhof, ek hy skood oan. Mei Jeroen de Vos en Gerhard Pietersma ha we it oer 'pike op it goeie momint' en ek de jongere generaasje is fertsjintwurdige: Arjen de Jong, Pieter Jilles Tjoelker en Steven Sijsling komme del. Muzyk komt fan de Bountyhunters. Mear oer it skûtsjesilen fynst op: Omropfryslan.nl/skutsjesilen.